Alexander Wienerberger (original) (raw)
Alexander Wienerberger (Wenen, 8 desimber 1891 - Salzburg, 5 jannewaris 1955) wie in Eastenrykske skiekundich yngenieur dy't 19 jier wurke by gemyske ûndernimmingen fan de USSR. Doe't er yn Charkov wurke, makke er in hiele rige foto's fan de Holodomor fan 1932-1933, dy't it fotografysk bewiis binne fan de massale honger fan it Oekraynske folk yn dy tiid.
Alexander Wienerberger waard berne yn 1891 (oare boarnen jouwe by fersin 1898) yn Wenen, yn in famylje fan mingde oarsprong. Nettsjinsteande it feit dat syn heit joadsk en syn mem Tsjechysk wie, beskôge Alexander himsels, neffens syn dochter, as in Eastenriker en in ateïst.
Fan 1910 oant 1914 studearre er oan de Fakulteit fan de Filosofy oan de Universiteit fan Wenen.
Yn de Earste Wrâldoarloch waard er mobilisearre yn it Eastenryksk-Hongaarske leger. Hy die mei oan fjildslaggen tsjin it Russyske leger en waard finzennomen yn 1915.
Yn 1917 mocht er nei Moskou ferhúzje, dêr't er mei maten in gemysk laboratoarium oprjochte. Yn de hjerst fan 1919 besocht er troch sabeare-dokuminten kwyt út Sovjet-Ruslân te ûntkommen nei Eastenryk oer Estlân, mar dat mislearre: yn Pskov waard er oanhâlden troch de Cheka. Wienerberger waard feroardiele foar spionaazje. Hy brocht in grut part fan de jierren 1920 troch yn de Loebjanka-finzenis yn Moskou. Yn de finzenis waarden syn feardichheden as gemikus wurdearre troch it Sovjetregear, dy't finzenen fan bûtenlânsk komôf syn yn syn produksje-ynstallaasjes brûkte. Wienerberger waard oansteld as yngenieur foar de produksje fan fernis en ferve en letter stie er yn fabriken foar de produksje fan eksplosiven.
Yn 1927 roan it houlik mei Josefine Rönimois, in Baltyske Dútser, op 'e non. Sy bleau mei dochter Annemarie en soan Alexander yn Estlân (letter ferfear Annemarie nei Eastenryk).
Yn 1928 besocht Wienerberger foar it earst nei syn finzenskip syn famylje yn Wenen en die in nij houlik mei Lilly Zimmermann, de dochter fan in fabrikant fan Schwechat. Werom yn Moskou waarden beheiningen fan him opheft, sadat syn frou nei de Sovjet-Unie ferhúzje koe. Yn 1931 mocht syn frou koart weromkomme nei Wenen, dêr't se harren dochter Margot krige.
Yn it begjin fan de jierren tritich wenne de famylje Wienerberger yn Moskou, dêr't Alexander in funksje hie by in gemyske fabryk. Yn 1932 waard er nei Ljoeboetsjany stjoerd (Oblast Moskou) as technys direkteur fan in plestikfabryk en yn 1933 oerbrocht nei in gelikense posysje yn Cherson.
De minsken stoaren fan de honger op strjitte
By syn ferbliuw yn Charkov makke Alexander Wienerberger yn it geheim sa'n 100 foto's fan de stêd ûnder de Holodomor. Syn foto's toane wachtrijen fan hongerige minsken yn supermerken, úthongere bern, lichems fan minsken dy't stoaren fan de honger yn 'e strjitten fan Charkoverson, en massagrêven fan slachtoffers fan de honger. De yngenieur makke syn foto's mei in Dútske Leica- kamera, dy't him nei alle gedachten oerbrocht waard troch freonen út it bûtenlân.
Wienerberger gie yn 1934 nei Eastenryk en stjoerde negativen oer diplomatike post mei help fan de Eastenrykske ambassade. Eastenrykske diplomaten stiene dêr op oan, omdat der in grutte kâns wie op it sykjen nei persoanlike besittings oan de grins en úteinlike ûntdekking fan de foto's wat syn libben bedriigje kinne soe. By it weromkommen yn Wenen oerhandige Wienerberger de foto's oan kardinaal Theodor Innitzer, dy't se yn 'e mande mei de sekretaris-generaal fan it Ynternasjonaal Komitee fan Nasjonale Minderheden Ewald Ammende oan it Folkebûn presintearre.
Yn 1934 brocht it Vaterländische Front yn Eastenryk de foto's fan Wienerberger út yn in lytse brosjuere mei de titel "Russland, wie es wirklich is" ('Ruslân, sa as it wier is', mar sûnder dat it oan him taskreaun waard). De foto's fan Wienerberger waarden foar it earst beskikber steld oan it publyk yn 1935 mei de publikaasje yn it boek, 'Moat Ruslân ferhongerje?' (Muss Russland Hungern) fan Ewald Ammende; de foto's binne net kreditearre fanwegen noed oer de feilichheid fan harren makker. Yn 1939 publisearre Alexander Wienerberger yn Eastenryk syn eigen boek mei memoires oer it libben yn de Sovjet-Uny, dêr't twa haadstikken yn wijd binne oan de Holodomor. Foto's waarden ek opnommen yn syn memoires dy't yn 1942 publisearre waarden.
Yn 1944 tsjinne Wienerberger as ferbiningsofsier fan it Russyske Befrijdingsleger. Nei de oarloch slagge it him en foarkom syn de oerdracht oan de Sovjet-troepen en bedarre er yn de Amerikaanske besettingssône yn Salzburg, dêr't er ek stoar yn 1955.
Hjoed-de-dei binne de foto's fan Wienerberger op 'e nij publisearre yn in protte oare wurken en wurde se benammen útstald yn it Museum foar minskerjochten yn Winnipeg.
- Holodomor in Kharkiv region. Photo by Alexander Wienerberger
- Alexander Wienerberger: His Daughter’s Memories [sjoen 20.10.2013].
- Alexander Wienerberger British photographic history
- Ukraine's Holodomor Through An Austrian's Eyes
- Josef Vogl. Alexander Wienerberger — Fotograf des Holodomor. Yn: Dokumentationsarchiv des österreichischen Widerstandes (Hrsg.), Feindbilder, Wien 2015 (= Jahrbuch 2015), s. 259—272
- Уникальные фото Голодомора в Украине: их тайком снял Александр Винербергер
- «Рискуя попасть в застенки НКВД, мой прадед фотографировал жертв Голодомора»